Ekstra tillefoanmêst op Oerol

14 jun 2011 - 17:09

T-Mobile sil by it Oerol-festival op Skylge in ekstra mêst pleatse foar it tillefoanferkear. Alle jierren komme in soad minsken nei it eilân ta. In ekstra antenne moat der foar soargje dat dy ek belje kinne. It giet om in tydlike mêst dy't mei in frachtwein omheech pompt wurde kin.

By grutte eveneminten pleatst T-Mobile wolris faker in grutte mêst, mar fanwege de kosten wurdt dat net al te faak dien. It Oerol-festival is dit jier fan 17 oant 26 juny.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)