ANWB ûndersiket fytspaden

14 jun 2011 - 16:54

De ANWB docht ûndersyk nei hoe't fytsers de fytspaden yn Fryslân belibje. It doel is om der achter te kommen wat der allegearre ferbettere wurde kin oan de fytspaden. Dielnimmers kinne bygelyks sjen oft de feiligens goed is, de paadwizers dúdlik binne en oft der wol genôch rêstplakken binne.

It giet mei-inoar om fiif rûtes yn it easten fan Fryslân dêr't de ANWB ûndersyk nei docht. Yn septimber komt in rapport mei de útkomsten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)