'Mear problemen troch weedpas'

Troch de ynfiering fan de weedpas by de coffeeshops sille de problemen mei ferslaving en drugskriminaliteit allinnich mar tanimme. Dat skriuwt Verslavingszorg Noord-Nederland yn in brânbrief oan it kabinet. It regear wol de oerlêst om de coffeeshops hinne mei tal fan maatregels oanpakke.
Neist de ynfiering fan 'e weedpas moatte coffeeshops bygelyks op mear as 350 meter fan in skoalle komme te lizzen. No is dat noch 250 meter.