Ljouwerter mishannelet frou

De plysje hat moandeitejûn yn Ljouwert in man (38) oanhâlden dy't fertocht wurdt in frou swier mishannele te hawwen. Tsjûgen seagen dat op de Archipelwei de fertochte in frou yn syn auto treau. Dy auto waard letter leech oantroffen by in wente op it Hagendoornplein. Yn it hûs trof de plysje in ferwûne frou oan dy't fertelde dat se nei spul mei de Ljouwerter slein wie. Ek soe se troch de man yn har skonk stutsen wêze.
De frou is nei it sikehûs ferfierd.