Wytsnútdolfyn by It Amelân

Twa broers hawwe sneintejûn op it strân fan It Amelân in wytsnútdolfyn fûn. In team fan SOS Dolfyn hat it bist mei in dolfynambulânse ophelle en meinaam nei Harderwijk.
De dolfyn kaam der moandeitemoarn oan en hat de namme Robbie krigen. It giet om in jong mantsje fan sa'n 2,5 meter. De dolfyn wie wurch, mar it liket no goed mei him te gean. Hy krijt antibioatika en wurdt ûndersocht.