Swiere fytsalvestêdetocht

Foto: Omrop Fryslân
De edysje 2011 fan de fytsalvestêdetocht giet de boeken yn as in swiere troch de hurde wyn en rein. Goed 13.000 minsken stiene moandeitemoarn betiid oan de start fan de tocht oer 240 kilometer. Sa'n 12.000 fytsers kamen oer de einstreek yn Boalsert.
Nettsjinsteande in grutte oantal útfallers is de organisaasje tefreden, ek al om't der gjin swiere ûngelokken wiene.