Partoer Minnertsgea wint NK

13 jun 2011 - 18:15

It partoer fan Minnertsgea mei Chris Wassenaar, Hylke Bruinsma en Hendrik Kootstra hat yn Frjentsjer it NK keatsen wûn. Yn de finale wienen se mei 5-1 en 6-4 te sterk foar it partoer fan Easterlittens mei Jochum Bouma, Feiko Broersma en Pier Piersma. Foar Wassenaar is it al de fiifde kear dat er de Bûnspartij wint.

Minnertsgea skeakele yn de heale finale Wytmarsum út mei 5-5 en 6-0. Easterlittens wie mei 5-3 en 6-4 te sterk foar it ferrassend partoer Grins.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)