Mid-Fryslân nei heechste nivo

13 jun 2011 - 16:17

De kuorballers fan Mid-Fryslân binne moandei kampioen wurden yn de haadklasse. Takom jier komme se út yn de eareklasse, it heechste nivo fan it fjildkuorbal yn Nederlân.

Mid-Fryslân hie oan in lykspul genôch tsjin degradaasjekandidaat DSC út Eindhoven. Dat kaam der ek, mar maklik gie it net. DSC wie yn de earste helte de bettere ploech. Nei it skoft namen de Friezen it heft yn hannen en rûnen se út nei 13-9. Yn in spannende slotfaze waard it noch 16-16.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)