Balstjurrige manlju oanhâlden

De plysje hat it sneon drok hân mei twa balstjurrige manlju. In 42-jierrige Wolvegeaster is oanhâlden om't er plysjes misledige en bedrige hie. Sy hiene de man oansprutsen op in bedriging fan in doarpsgenoat. De man wie dwers en ferkeard. Hy woe him net identifisearje en aksele bot tsjin by de arrestaasje.
In 18-jierrige jonge út Hylpen is oanhâlden om't er in meiwurker fan in kafee mishannele hie. Hy fersette him ek bot doe't de plysje him pakte.