Dronken op twa beammen botst

13 jun 2011 - 14:37

In dronken bestjoerder is sneintenacht by Nijeberkeap mei de auto op twa beammen botst. De 23-jierrige man út it doarp kaam earst yn de berm oan de Grindwei telâne en botste dêrnei tsjin de twa beammen.

De man is nei it sikehûs yn Drachten brocht. Der is ek in bloedproef ôfnaam. Syn rydbewiis en it kenteken fan de auto binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)