Fjoerwapen yn Koatstertille

13 jun 2011 - 13:58

Twa manlju en twa froulju binne sneintenacht yn Koatstertille oppakt foar fjoerwapenbesit. De plysje krige in tip dat der in fertochte auto stie yn de Caspar di Roblesstrjitte. De auto siet net op slot. Der lei in pûde mei patronen yn.

Doe't bestjoerder (20) út Jelsum by de auto kaam, waard er oanhâlden. Yn de wenning dêr't de man út kaam, is it fjoerwapen fûn. Dêrom binne de oaren yn de wente ek meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)