Apparteminten oan Seedyk

13 jun 2011 - 13:31

Ter Steege Vastgoed út Lelystêd wol oan de Seedyk op 'e Lemmer 28 apparteminten bouwe. Se wurde ferdield oer fjouwer gebouwen fan fjouwer lagen dy't foar in part oer it wetter hinne stekke. As de bou trochgiet, wurde it mei 16 meter it heechste appartemintekompleks op 'e Lemmer.

De plannen binne al presintearre oan buertbewenners. Dy seine yn in earste reäksje dat se de gebouwen fierste heech fine. Op it plak hat earder in skipswerf sitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)