Echtpear santich jier troud

13 jun 2011 - 13:09

Fokke en Froukje Wallendal út Tsummearum wiene pinkstersnein santich jier troud. Se fierden it yn soarchsintrum Nij Bethanië yn Tsjummearum. Dêr wennet it echtpear sûnt in pear jier. Dêrfoar hawwe se altyd yn De Westhoek op It Bilt wenne. Dêr hiene se in lânboubedriuw.

It echtpear krige twa dochters, fiif bernsbern, allegear jonges, en seis oerpake- en beppesizzers. Fokke en Froukje Wallendal binne beide 92 jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)