Doarpsfeest giet net troch

Driezum (foto: Omrop Fryslân)
It doarpsfeest fan Driezum en Wâlterswâld dat dizze wike hâlden wurde soe, giet net troch. Oanlieding is it hommels ferstjerren fan in 15-jierrich famke út Driezum, ôfrûne wykein. De organisaasje hat sadwaande besletten alle aktiviteiten ôf te sizzen.
Der wurdt noch wol besjoen oft de optocht mei fersierde weinen nei de simmerfakânsje hâlden wurde kin.