Sporting Lissabon wol Bas Dost

13 jun 2011 - 11:56

Bas Dost stiet yn de belangstelling fan Sporting Lissabon, sa meldt Voetbal International. Sporting hie earst syn sin set op Tim Matavz, mar kaam net ta in akkoart mei de kluplieding fan FC Grins oer it transferbedrach.

Neffens de saakwaarnimmer fan Bas Dost is de ynteresse fan de Portugeeske topklup foarearst net konkreet. "Het zou er misschien van kunnen komen, maar zover is het nog lang niet", sa seit de belangebehertiger fan Dost.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)