Kaptein It Fean ferdronken

13 jun 2011 - 11:34

In 33-jierrige kaptein út Surhústerfean is sneintemoarn omkaam by in ûngelok op it Rhein-Herne-kanaal by it Dútske Gelsenkirchen. Hy foel yn it wetter by it oanlizzen fan it skip yn de haven fan Gelsenkirchen.

De Dútske plysje begûn in grutte syktocht. Derby waarden in helikopter en dûkers ynsetten. Dy fûnen it slachtoffer nei trije oeren sykjen. De plysje ûndersiket hoe't de man yn it wetter kaam is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)