Kontrôle bêd en brochje

13 jun 2011 - 10:02

Ljouwert sil alle adressen mei in bêd en brochje yn de gemeente bylâns foar kontrôle. De gemeente wol dêr noch foar de simmer mei begjinne en tinkt de rest fan it jier nedich te hawwen foar de besites.

Dêrby wurdt sjoen nei de brânfeiligens en de boukundige steat. Der binne op dit stuit sa'n 30 bêd en brochjes yn de gemeente Ljouwert. Omdat de gemeente it krekte oantal net wit, sil it de eigners oproppe om harsels te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)