Plestik achterôf skiede

Boargemaster en wethâlders fan de gemeente Opsterlân hâlde fêst oan it achterôf skieden fan plestik ôffal. Neffens B en W is dat goedkeaper en smyt it mear plestik op as wannear't it plestik yn it foar skieden wurdt.
In groep ynwenners fan de gemeente hie earder dit jier in boargerinisjatyf yntsjinne foar foarôf ynsammeljen fan plestik ôffal. It kolleezje wiist derop dat der dan in ekstra ynsammelrûte riden wurde moat. Dat soarget foar in hegere CO2-útstjit.