Trije ferwûnen by Boerum

By in ûngelok by Boerum binne sneontejûn trije minsken ferwûne rekke. Se sieten yn in auto dy't fan de dyk rekke en tsjin in beam klapte. De wein skeat dêrnei oer de dyk en rôle in pear kear oer de kop. Hy kaam op 'e kop yn in sleat ta stilstân.
De 22-jierrige bestjoerder út Fiskfliet is in bloedproef ôfnaam foar alkohol. Fierders sieten ek noch in 18-jierrige jongeman út Boerum en in 23-jierrige Snitser yn 'e auto. Alle trije binne se nei it sikehûs brocht.