Jonkje mei fyts oer de kop

12 jun 2011 - 10:47

In jonkje fan 5 jier út Warten is sneontemiddei ferwûne rekke by in ûngelok yn syn wenplak. It berntsje wie op strjitte oan it boartsjen en sloech mei de fyts oer de kop.

De traumahelikopter út Grins waard ynsetten. It jonkje hie ferskate ferwûnings. Hy is úteinlik mei de ambulânse nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)