Terrassen meie langer iepen

12 jun 2011 - 10:44

De terrassen yn Drachten meie yn de simmermoannen in oere langer iepen wêze. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders wol mei de proef de hoareka-ûndernimmers temjitte komme. It giet om de terrassen oan de Kaden. B. en w. stelle de gemeenteried foar om dy sneontenacht net om ien oere, mar om twa oere te sluten. It giet dan om de moannen july, augustus en septimber. Dêrnei wurdt de proef evaluearre mei de plysje, de hoareka en omwenjenden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)