Deadlik ûngelok by Tsjom

12 jun 2011 - 10:06

By in ûngelok by Tsjom is sneontenacht in 21-jierrige man út Frjentsjer om it libben kaam. It slachtoffer siet mei in plakgenoat en in frou út Tsjom yn de auto. Op de Frjentsjerterwei rekke de auto fan de dyk. Hy sloech oer de kop en doe op 'e kop yn in sleat.

Twa ynsittenden koene sels út de auto wei komme. De brânwacht hat de 21-jierrige derút helle. Hy is mei de traumahelikopter nei it MCL brocht. Dêr is de man letter ferstoarn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)