Sint Anne wint NK junioaren

11 jun 2011 - 22:13

Sint Anne is de ferrassende winner fan de Jong Nederlân-partij troch yn de finale mei 5-5 6-0 te winnen fan it ek al ferrassende Hartwert. Foar Sint Anne keatsten Roelof de Jong, Pieter Jan Plat en Sjoerd de Jong.

Yn de heale finale waard favoryt Wjelsryp troch de Sint-Annebuorsters útskeakele mei 5-5 en 6-4. Ferliezend finalist Hartwert mei Fokke Jan en Sjoerd Teake Kooistra en Gerrit Jan Duiven wûn yn de oare heale finale fan Easterein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)