Balstjurrige Starumer oppakt

11 jun 2011 - 15:42

In 41-jierrige man út Starum en in 30-jierrige fan Schoonoord binne freedtenacht op de Stasjonswei yn Ljouwert oanhâlden op fertinking fan bedriging, fernieling en mislediging. De plysje krige de melding dat de iene man yn in hoarekasaak jiskebakken en glêzen fernield hie en in meiwurker bedrige hie.

By syn oanhâlding fersette de man him fûleindich en bemuoide de oare him dermei. Dêrby beledige hy de plysjes. It duo waard dêrom ynsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)