Goud foar Marit Bouwmeester

Marit Bouwmeester (argyffoto: Sander van der Borch)
Marit Bouwmeester is krekt as ferline jier winner wurden fan de wrâldbeker yn it Inglske Weymouth. Yn de medaljerace fan de Sail for Gold Regatta moast Marit yn har Laser radial grutte konkurrinte Evi van Acker foarbliuwe. Dat slagge geweldich. De sylster út Warten wûn de medaljerace, Van Acker waard tredde.
Letter dit jier is der in Olympysk testevenemint yn Weymouth en yn 2012 wurde op itselde wetter de wedstriden fan de Olympyske Spelen fersyld.