Ferwûne by oanriding Aldskoat

Op de Skoatterlânskewei yn Aldskoat is freed in 31-jierrige automobiliste út It Fean ferwûne rekke. In 86-jierrige automobilist út Nijhoarne wie op de ôfrit fan de A7 by It Fean-súd net goed wurden en rekke dêrby de auto foar him. Dêrnei botste hy ek noch op de auto fan it slachtoffer dy't dêrby nekletsel oprûn.
Sy en ek de 86-jierrige automobilist binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.