Eigners Antillenflat lilk

11 jun 2011 - 12:21

De eigners fan keapwenningen yn de Antillenflat yn Ljouwert binne min te sprekken oer wenningboukorporaasje WoonFriesland. Neffens har wurde se oars behannele as de hierders. De galerij fan de flat stoarte trije wike lyn del. De hierders én de eigners sitte dêrom tydlik yn in oare wenning.

De hierders krije alle dagen 125 euro as bydrage yn de kosten, mar de eigners krije neat. Nico Nicolay hat in keapwenning yn de Antillenflat. Hy hat tydlik in lyts húske fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)