Utwreiding Douma kin los

De útwreiding fan Douma Staal yn Snits kin, as it oan it kolleezje fan BenW leit los. It bedriuw moat der wol foar soargje dat der in 'grien plan' komt tusken it bedriuw en it twillingdoarp Top en Twel.
De ynwenners wiene yn aksje kaam tsjin de plannen, omdat neffens har de griene buffer tusken Snits en Top en Twel ferlern gie. De ynwenners krije in belangryke stim yn it opstellen fan it griene plan. Alle belutsen partijen sille meikoarten om de tafel.