FK baltsjeferdriuwen yn Gaast

10 jun 2011 - 22:19
  • It baltsjeferdriuwen waard mei in spesjaal telapparaat byhâlden
  • Jongeren dwaande om it rekôr te brekken

Yn Gaast is freed foar it earst it Iepen Frysk kampioenskip baltsjeferdriuwen hâlden. By keatswedstriden wurdt troch twa spilers faak as oefening mei de bleate hân it baltsje oerspile. Hast fjirtich keatsers diene oan it iepen FK mei.

Earder waard alris in rekôr fan 1553 kear oerspyljen helle. Yn Gaast waard dat rekôr brutsen. Pier Piersma en Jan Dirk de Groot hellen in skoare fan 3200.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)