Aksje tsjin sluting treinloket

10 jun 2011 - 21:59

It aksjekommitee Black Hearrenfean hat freed by it NS-stasjon aksjefierd om sluting fan it treinloket te kearen. Blinen en minsken dy't net goed sjen kinne ha ferlet fan de mooglikheid om in treinkaartsje te keapjen by it loket, sizze de leden fan it komitee.

De NS wol it loket slute om't de measte reizgers treinkaartsjes by de kaartautomaat keapje. Minsken dy't dêrby help nedich hawwe kinne belje mei in tillefoannûmer foar begelieding.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)