Jonges mei holle tsjin brêge

By in ûngelok by Eastrum binne trije jonges út Ternaard freedtemiddei ferwûne rekke. De jonges hiene mei de trekker en fersierdeweinen meidien oan de optocht yn Ternaard en hiene dêrnei noch nei Dokkum west. Doe't se ûnder de brêge trochgiene sloegen de jonges op de wein mei de holle tsjin de brêge oan. Se binne yn it sikehús behannele oan de ferwûnings, mar hoegden net te bliuwen.
Neffens de plysje hiene se al aardich wat drank op doe't it ûngelok gebeurde.