Gjin gefaar foar Princessehof

Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert seit yn in earste reaksje net ûntefreden te wêzen oer it foarstel fan it kabinet oer de ferdieling fan it kultuerjild.
Sa't it no liket foldocht it museum oan de betingsten dy't it kabinet stelt oan in subsydzje. De belangrykste eask dêrby is dat it museum sels foar op syn minst 17,5% fan syn jild soarget, it museum siet dêr ferline jier mei goed 19% boppe.