Jorritsma op hege post UNICEF

10 jun 2011 - 15:48

Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma is beneamd ta foarsitter fan de ried fan tafersjoch by UNICEF Nederlân. Jorritsma seit him dêr graach foar ynsette te wollen om bern te helpen oan in eigen takomst te bouwen.

Jorritsma folget Geert Jansen as foarsitter fan de ried fan tafersjoch op. Neist Unicef is de Fryske kommissaris ek foarsitter fan de Maag Lever en Darm Stichting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)