Simmeriis yn Thialf
Fan 18 juny ôf leit der wer simmeriis yn Thialf. Trije wike kin der riden wurde op de 400-meterbaan yn it Feanster iisstadion. Reedriders fan ferskate ploegen sille it iis brûke om te trainen. Mar ek de rekreative rider kin even in baantsje lûke.
Thialf slút de simmeriisperioade op 9 july ôf mei in wedstriid voor KNSB-lisinsjehâlders.