Nije beloften by Cambuur

Jan Bruin
Cambuur wol yn it seizoen 2012-2013 wer in belofteteam opsette. Ald Cambuurspits Jan Bruin hat al in kontrakt tekene by de Ljouwerters as trainer fan dit team. Kommend seizoen sil hy assistint wurde fan Alfons Arts en Henk de Jong by it earste alvetal.
As tarieding sil Bruin kommend seizoen besykje om oefenwedstriden te organisearjen foar reservespilers en jonge talinten ut de regio. Cambuur hat Jan Korte fêstlein om de scouting by de klup te profesjonalisearjen..