It Fean krijt supportersried

10 jun 2011 - 11:28

SC Hearrenfean wol in supportersried ynstelle. Yn de ried komme fertsjintwurdigers fan de beide supportersklups Feanfan en NieuwNoord, fjouwer ûnofhinklike supporters en fan minder-falide en jonge supporters.

Mei de supportersried wol de direksje de bân mei de supporters fersterke. De ried kin sels saken nei foaren bringe en de direksje wol nije plannen tenei yn it foar mei de ried besprekke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)