Fyftich bonnen yn Snits

10 jun 2011 - 10:31

De plysje hat tongersdei yn Snits 50 bekeurings útskreaun. Dat waard dien by ferskate kontrôles yn de stêd. It grutste part waard útskreaun by in ferkearskontrôle, bygelyks foar it net omhawwen fan de riem en it riden troch read ljocht. By in kontrôle op it wetter waard in fisker bekeurd foar it fiskjen mei libben aas.

En by in kontrôle yn gebieten dêr't faak oerlêst is waarden sân bonnen útskreaun foar it drinken fan alkohol op 'e dyk en it fytsen yn kuiergebieten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)