Hallumer beknypt yn trekker

10 jun 2011 - 09:53

In 64-jierrige man út Hallum is tongersdeitejûn ferwûne rekke doe't hy fêst kaam te sitten yn syn trekker. De man wie oan de Jipperdastrjitte oan it wurk doe't hy mei de broeksbokse fêst kaam te sitten yn in draaiend diel fan de trekker. Hy waard oer de trekker lutsen en rekke beknypt.

In tsjûge alarmearre de helptsjinsten. It slachtoffer is mei ferwûnings oan de skonk en earm mei de traumahelikopter nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)