Obsternate dief yn Boalsert

10 jun 2011 - 09:50

De plysje hie tongersdei de hannen fol oan in agressive winkeldief. De 20-jierrige Burgumer waard op 'e died trapearre yn in winkel oan de Markt.

De meiwurkers en in omstanner koene de agressive man mei muoite fêsthâlde oant de plysje der wie. Dy hawwe de man meinommen nei it buro. Dêr mishannele hy noch in bewaker. Dy hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)