Priis lekker iten Talma Hiem

10 jun 2011 - 07:56

Soarchsintrum Talma Hiem yn Balk hat tongersdei de Smaakprijs fan it ministearje fan ekonomyske saken, lânbou en ynnovaasje wûn. Talma Hiem krige de priis fanwege it farske iten en de fariaasje fan it iten. Ek brûkt sjef-kok Koos Pit graach streekgerjochten.

Der wurdt alle dagen 250 kear in miel iten klearmakke. Dêrfan binne 150 foar Tafeltje Dekje. Talma Hiem krige ek noch fjouwer stjerren foar de gastfrijheid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)