Marit Bouwmeester noch twadde

Marit Bouwmeester (argyffoto: Thom Touw)
Marit Bouwmeester bliuwt ek nei de fjirde dei fan de Sail for Gold Regatta yn Weymouth twadde. De Laser radial sylster út Warten waard sânde en twadde. Evi van Acker út België stiet earste mei 20 punten, Marit is twadde mei 21 en de Ierse Annalise Murphy is tredde mei 23 punten.
Roelof Bouwmeester bliuwt 15e yn de Laser. It wie dreech foar de broer fan Marit mei in 26e en 20e plak. Yn de Finn kaam Pieter-Jan Postma de top tsien binnen nei in 7e, 9e en 15e plak.