Soad toeristen mei de Pinkster

09 jun 2011 - 17:09

Nei in goede wike mei Himelfeartsdei liket ek it pinksterwykein in protte minsken nei ús provinsje te lûken. De ferwachting is dat de campings en hotels foar goed 75% fol komme te sitten.

Benammen de plakken yn it Waadgebiet en by de Fryske marren binne populêr by minsken dy't op it lêste momint boeke. It oantal gasten liket like heech te wurden as ferline jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)