Konsert Duran Duran skrast

09 jun 2011 - 16:50

It konsert fan de Britske band "Duran Duran" en dêrmei ek it foarprogramma fan de Frysk-Grinzer band "A Silent Express" giet no sneon net troch. De Ingelske sjonger fan Duran Duran, Simon LeBon, hat stimproblemen. It optreden soe plakfine yn it fuotbalstadion fan ADO Den Haach.

It konsert is ferpleatst nei septimber, kaartsjes dy't kocht binne bliuwe jildich. A Silent Express spilet dan ek yn it foarprogramma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)