Tefolle ferkearsslachtoffers

09 jun 2011 - 16:41

Yn 2025 moatte der de helte minder ferkearsslachtoffers wêze. No ferûngelokje alle jierren noch 28 minsken en reitsje 300 minsken swier ferwûne. Alve Fryske gemeenten setten yn febrewaris al de hantekening ûnder it manifest ferkearsfeiligens.

Tongersdei folgen, op it Ferkears Edukaasje sintrum by de slipbaan yn Drachten, nochris alve gemeenten. Deputearre Sjoerd Galema tekene foar de provinsje Fryslân. Guon gefaarlike plakken sille dêrom oanpakt wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)