Mûzebiter falt hurdrinner oan

09 jun 2011 - 16:26

Jappie Doller fan Waskemar is op de betide moarn fan ferline wike snein by it hurdrinnen yn it Blauwe Bosk oanfallen troch in mûzebiter. It bist joech him in klap op de holle.

De rôffûgel hie nei alle gedachten in nêst yn de bosk en woe syn jongen beskermje. Jappie Doller wie bot skrokken fan de oanfal en hie ek flinke skrammen op de holle. Troch yn syn hannen te klappen koe er de rôffûgel fuortjeie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)