Oerlis mei DE-meiwurkers

09 jun 2011 - 15:09

De fakbûnen prate tongersdei mei personiel fan Douwe Egberts op De Jouwer oer mooglike aksjes. Underhannelings tusken de direksje fan memmebedriuw Sara Lee en de bûnen oer in nije CAO binne woansdei opnij fêstrûn.

De bûnen wolle fan DE-meiwurkers witte hoe ree't se binne om nije aksjes te fieren. Nije wike wurde der ek byienkomsten hâlden mei DE-personiel op it haadkantoar yn Utrecht. It CAO konflikt spilet al moannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)