Skriuwster Itty Sluis stoarn
Skriuwster Itty Sluis is ferstoarn. Itty Sluis is bekend wurden mei romans, ferhalen en in berneboek. Se hat in histoaryske roman skreaun oer de Fryske sjoernaliste en striidster foar frouljusrjochten Trui Jentink.
Twa kear wûn se mei in ferhaal de Rely Jorritsmapriis. Itty Sluis waard berne yn Akkrum en de lêste jierren wenne se yn Hylpen. Se is 72 jier wurden.