Twa jier sel Minnertsgeaster

09 jun 2011 - 14:23

De 42-jierrige ynwenner fan Minnertsgea, dy't yn juny 2010 by Ljouwert in âlder echtpear út dy stêd dearied, hat twa jier selstraf krigen. Boppedat mei er trije jier net autoride. De straf is konform de eask.

De rjochter spruts fan tige ûnfoarsichtich riidgedrach, dat "onbeschrijflijk leed" feroarsake hat. De man wie ûnder ynfloed fan drugs en ried mei bleat ûnderliif en yn frouljusklean. By it ûngelok rekke er sels swier ferwûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)