Tekoarten by sosjale tsjinsten

De sosjale tsjinsten fan trije Fryske gemeenten ha te meitsjen mei flinke tekoarten. It giet om de sosjale tsjinsten yn Opsterlân, Ljouwerteradiel en Littenseradiel. It tekoart dêr is mear as 30 persint.
De feriening foar sosjale tsjinsten, de Divosa, neamt de sitewaasje lanlik sjoen "akelig slecht". De finansjele problemen rinne hieltyd mear op. Dat komt troch it groeiend tal minsken dat yn de bijstân bedarret.