Ynformaasjejûn Mantgum ôfsein

It gemeentebestjoer hat de jûn ôfsein
De ynformaasjejûn yn Mantgum oer de bou fan in appartemintekompleks oan de Seerp van Galemawei, giet tongersdeitejûn net troch. Yn ferbân mei in tragysk stjergefal yn it doarp is de byienkomst ôfsein.
De gemeente Littenseradiel lit witte it net passend te finen dat de byienkomst trochgiet. Der sil in nije datum foar de ynformaasjebyienkomst fêststeld wurde.